Provinsjale wei 359

N359
Langte: 63,2 km
Kaart

De N359 is in provinsjale wei yn Fryslân, dy't yn 'e midden fan 'e 20e iuw stadichoan ûntstien is. De wei foarmet in ferbining tusken de N31 súdlik fan Ljouwert oer Boalsert mei de A6 by De Lemmer. By Boalsert hat de wei in oansluting op de A7 yn de rjochting fan Den Helder/Amsterdam en Snits/Grins.

De wei is bûten de beboude kom útfiert as autowei mei twa stripen en hat in maksimumfaasje fan 100 km/o.

Yn de gemeente De Waadhoeke hat de wei de namme Westergoawei krigen, yn de gemeente Súdwest-Fryslân Westergoawei, Sudergoawei, Boalserterwei, Jousterperwei en Slaperdyk. Yn de gemeente De Fryske Marren hat de wei de namme Sudergoawei, Suderseewei en Plattedyk.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy